Acht teams Grutte Pierrace

Acht teams hawwe sneon meidien oan de Grutte Pierrace. Dat is in sylboatrace mei Boalsert as start en finishplak. It parkoers is 50 kilometer lang mei dêryn mear as 50 brêgen. Dit betsjut dat de silers faak de mêst en de seilen strike moatte. De bemanning mei allinnich it standertseil, de boom en de peddel brûke om foarút te kommen. Mar der mei ek jage wurde.
De ferwachting is dat sneontejûn om 19.00 oere de earste ploech oer de finish komt.