Flyers winne fan Eindhoven

24 okt 2009 - 10:21

De Hajé Flyers ha freedtejûn de bekerwedstriid tsjin Eindhoven mei 4-0 wûn. Op it iis fan Thialf wiene de perioadestannen 2-0, 1-0 en 1-0. Paul Vincent en Hans Kroon setten de thúsploech op foarsprong. Troch goed keeperswurk fan Stephane Cesar koene de Flyers foar it earst dit seizoen har goal skjin hâlde. Jamie Visser en opnij Paul Vincent soargen foar de 4-0.

De Flyers spylje sneontejûn yn en tsjin Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)