Restauraasje Vitustsjerke dien

De restauraasje fan it ynterieur fan de Sint Vitustsjerke yn Blauhûs is klear. De tsjerke wie it lêste jier keal, om't de bylden en de oerkaping fan it alter restaureard waarden.
Sneon binne de ingels en it houten krús weromset. Goed in jier is wurke oan it ynterieur fan de tsjerke. Fral de houten bylden en de alteroerkaping wiene bot oantaast troch houtwjirms. It wurk hat goed fjouwer ton koste. De tsjerke hopet takom jier noch twa nije alters keapje te kinnen.