Fytsedieven pakt op It Fean

© Omrop Fryslân
Twa ynwenners (17) fan It Hearrenfean binne freedtemiddei oppakt foar it stellen fan trije fytsen. De twa wiene de jûns derfoar it rôverspaad opgong.
In tsjûge seach de twa fertochten nei in adres yn de Azaleastrjitte gean. Dy fertroude it net en warskôge de plysje. Achter de wenning fan in man (36) waarden de trije fytsen fûn. Alle trije binne se meinaam nei it buro. Twa fytsen wiene stellen by it NS-stasjon. De oare by it Burgemeester Kuperusplein.