Foar 2e kear rydbewiis kwyt

© Omrop Fryslân
In motorrider út Rinsumageast moast freed foar de twadde kear syn rydbewiis ynleverje. De plysje seach de man (25) riden oer de rûnwei by Dokkum. Nei in achterfolging, wêrby somtiden hast 160 kilometer yn de oere helle waard, koe de man it stopteken jûn wurde. Hy ried op guon plakken sechstich kilometer yn de oere te hurd.
Hy moast fuortendaliks syn rydbewiis oerjaan oan de plysjeminsken.