Fryske fysioterapeuten lulk

Fysioterapeuten binne lilk op De Friesland
Fysioterapeuten yn Fryslân tinke nei oer aksjes tsjin De Friesland Zorgverzekeraar. De fersekerder bliuwt fêsthâlden oan it systeem wêrby't fysioterapeuten ôfrekkene wurde op it gemiddelde tal behannelings dat in pasjint krijt. Minsken dy't mear fysioterapy nedich ha binne dan djoer foar fysio's en kinne wegere wurde.
It probleem mei de fergoedings spile ferline jier ek. No't der nije kontraktoanbiedings dien wurde kin it útdraaie op aksjes fan fysioterapeuten.