DSB net op maratonpak

23 okt 2009 - 17:24

It maratonpeloton kin nulle en tried der mar bypakke. Want de namme DSB op it reedriderspak kin net mear. Dêrom moat der in strookje stof oer de besmette namme naaid wurde. Mar dêr hâldt it net mei op. Want alle logo's op jaskes, boardings en programmaboekjes moatte ek ferdwine.

En noch in oar opfallend feit. DSB hat al mei al offisjeel mar 36 oeren sponsor west fan de maratonkup. Want doe wie it ein ferhaal foar de bank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)