Epidemy Meksikaanske gryp

23 okt 2009 - 16:28
  • It tal pasjinten mei Meksikaanske gryp begjint ek yn Fryslân dúdlik ta te nimmen

De sifers binne noch net hiel dramatysk, mar dochs hat ek Fryslân fan freed ôf offisjeel de Meksikaanske-grypepidemy. Ut sifers fan it RIVM docht bliken dat mear as fiif op 'e 10.000 ynwenners yn Nederlân de Meksikaanske gryp hawwe.

De ôfrûne wike naam it tal pasjinten ta. Yn Nederlân binne oant no ta seis minsken ferstoarn oan 'e Meksikaanske gryp. Oant no hawwe yn Fryslân hast tritich minsken de gryp krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)