Alaarm by drinkwetterbedriuw

By Spannenburch waard freed even alaarm slein
By drinkwetterbedriuw Vitens yn Spannenburch is freedtemoarn alaarm slein oer mooglike besmetting fan it drinkwetter. Der wiene oanwizings dat der in baktearje yn it drinkwetter sitte soe. Ut neier ûndersyk die bliken dat dat net it gefal wie.
It stasjon yn Spannenburg is ferantwurdlik foar in grut part fan 'e drinkwetterfoarsjenning yn Fryslân. It is foar it earst dat der in melding fan in mooglike besmetting wie.