RadioNL wint Radioring
DJ Marcel de Vries fan RadioNL hat de Gouden Radioring wûn. Mei syn moarnsprogramma Morgenstond hat er de striid om de ring wûn fan 3FM-DJ's Gerard Ekdom en Giel Beelen. RadioNL draait allinnich Hollânsktalige muzyk en is dêrmei tige populêr. Sûnt tongersdeitemoarn koene minsken mei sms of tillefoan stimme. De grutte efterban fan Morgenstond hat dat manmachtich dien.
Marcel de Vries komt fan Kollum. Syn radioprogramma makket er yn Snits.