Skeel aptekers H'fean oplost

De nije apteek yn sikehûs Tsjongerskâns op it Hearrenfean
It konflikt tusken it Tsjongerskâns-sikehûs en de aptekers yn de omkriten fan It Hearrenfean is út de wrâld. Se krigen rúzje neidat it sikehûs yn febrewaris in eigen apteek begûn. Neffens de omlizzende apteken wie dat ûnearlike konkurrinsje en boppedat net yn it belang fan 'e pasjint.
De ôfrûne tiid is drok praat en yn it belang fan de pasjint is der in oplossing fûn dêr't alle partijen bliid mei binne.