Drege dei foar neibesteanden

De heit fan Martijn Rosier, dy't as sersjant twa jier ferlyn omkaam yn Uruzgan, hat freed blommen en in kearske pleatst by it tinkteken foar Martijn yn it gemeentehûs fan It Bilt. Freedtejûn giet er nei Roermond om mei te dwaan oan in betinking by it earemonumint foar by fredesoperaasjes sneuvele soldaten.
Dat wurdt dien omdat it sneon de dei fan de Verenigde Naties is. Rendert Rosier is noch in soad dwaande mei it ferlies fan Martijn.