Grut ferlet fan kemperplakken

23 okt 2009 - 14:29

Der moatte op kempings gau ekstra plakken komme foar de hieltiid populêrder wurdende kemper. Dat seit de belange-organisaasje foar toerisme Recron. In pear Fryske gemeenten hawwe al spesjale plakken, mar it hâldt net oer. Kempingbazen binne benaud foar ûnearlike konkurrinsje as mear gemeenten fergese plakken oanlizze.

Begjin takommend jier wurdt in oerienkomst tekene tusken Recron en de Nederlânske kemperklup om it probleem oan te pakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)