2009 is in goed sûkerbytjier

23 okt 2009 - 14:23

De kwaliteit fan 'e sûkerbiten is dit jier poerbêst. Dat seit LTO-Noord- bestjoerder Upt Hiddema. De biten hawwe troch goed waar yn 'e maaitiid en simmer optimaal groeie kinnen. Dêrtroch binne de sûkergehaltes prima.

De hektare sûkerbiten is de opbringst 13,6 ton oan sûker, sa ferwachtet de sûkeryndustry. Oft de boeren ek finansjeel profitearje fan 'e goede biten is de fraach. Europa en de WTO hawwe ea ôfpraat dat Europeeske boeren gjin sûker eksportearje meie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)