Fuotbalteams bliuwe oan de wâl

23 okt 2009 - 12:18

It bart geregeld dat fuotbalwedstriden op Waadeilannen net trochgean omdat teams fan 'e fêste wâl net opdaagjen komme. De klups kinne fan de KNVB in fergoeding krije foar de tocht mei de fearboat. Mar dochs meitsje guon teams de oerstek oer de Waadsee net, benammen oan de ein fan it seizoen.

Fuotbalklups op 'e eilannen, lykas Geel Wit op It Amelân, bale dêrfan. Neffens de KNVB falle de problemen op It Amelân noch ta yn fergeliking mei it eilân Tessel yn Noard-Hollân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)