Haven Aldtsjerk wurdt útwreide

© Omrop Fryslân
Yn Aldtsjerk wurdt meikoarten begûn mei de útwreiding fan 'e haven oant 37 lisplakken. De haven wurdt twa kear sa grut en der komme lisplakken foar gruttere boaten. De útwreiding wurdt kombinearre mei it grut ûnderhâld. Sa komt der ek in nije wâlbeskoeiing. Ien en oar kostet 170.000 euro.
De gemeente rekkenet op in flinke groei fan de rekreaasjefeart yn Aldtsjerk troch it befarber meitsjen fan de noardlike Alvestêderûte.