Repetysje foar keninginne

Ien fan de ûnderdielen, mei ûnder oare Syb van der Ploeg
Yn Ljouwert is de lêste dagen drok oefene foar de jubileumshow fan it Keninklik Friesch Paarden Stamboek. Dy show is sneon yn it WTC Expo. Spesjale gast is keninginne Beatrix.
Tongersdeitejûn wie de generale repetysje. Doe koe de show al troch in selekt selskip fan dielnimmers en oanhing besjoen wurde. De kommende dagen wurdt yn it WTC Expo it 130- jierrich bestean fan it stamboek fierd. Freed is der earst in sintrale keuring fan Fryske hynders.