Bûnen wolle opsplitsing A7

22 okt 2009 - 22:14

De fakbûnen wolle dat Hearrenfean, Opsterlân en de Stellingwerven it hjoeddeistige Sintrum foar de keunsten A7 opsplitse yn stee fan it fallisemint dat no driget. Dat waard sein op in gearkomste mei sechstich wurknimmers fan it sintrum.

De gemeenten wolle de tekoarten by A7 net oansuverje mei in liening en hawwe gjin betrouwen yn de organisaasje. Mar by in fallisemint driigje de wurknimmers dien te krijen sûnder WW. De bûnen sjogge noch in lytse kâns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)