'Bou hotel Skylge moat wol'

© Omrop Fryslân
Der moat dochs in hotel tastien wurde oan 'e Dellewal op Skylge. De gemeenteried fan Skylge moat it beslút dêroer wer ynlûke. Dat fynt it kolleezje fan B en W op Skylge. De ried hat earder sein dat der gjin hotel komme mei op dat plak.
De bou fan huzen kin wol, fynt de ried. Neffens it kolleezje fan B & W kin dat wolris in djoer beslút wurde. Fan djoere huzen is gjin ferlet, mar goedkeape huzen leverje te min jild op. In hotel kin wol út.