Gjin nije replika VOC-skip

22 okt 2009 - 17:48
  • De Prins Willem yn bettere tiiden

De earder dit jier yn Den Helder útbaarnde replika fan it VOC-skip Prins Willem wurdt net opnij boud. Restauraasje is net mooglik, docht út ûndersyk bliken. It skip hat te folle skea oprûn en nijbou soe 20 miljoen euro kostje.

De trijemêster is yn 1984-1985 boud by de werf Amels yn Makkum. Dy makke it skip foar it iepenloftmuseum Nagasaki Holland Village yn Japan. Yn 2003 kaam it skip werom nei Nederlân yn museumhaven Willemsoord yn Den Helder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)