'Kattefrou skeint ôfspraken'

22 okt 2009 - 13:53

It Bilt past bestjoerstwang ta as frou Claus fan it Poezenparadijs yn Nij Altoena it tal katten dat se opfangt net fermindert nei tsien. Op dit stuit hat de eigeneresse hast tritich katten. Buorlju kleie oer oerlêst.

De gemeente hat moannen ferlyn bepaald dat frou Claus net mear as tsien katten hawwe mei. Dêr hâldt se har net oan. Neffens wethâlder Haarsma binne der sa gjin ôfspraken te meitsjen en kin de gemeente net oars as bestjoerstwang ynsette.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)