VVV is 'ongeïnteresseerd'

© Omrop Fryslân
De VVV Ljouwert docht it striemin yn in tefredenheidsûndersyk fan Store Support. Dat bedriuw is spesjalisearre yn ûndersiken mei mystery guests. Ljouwert krige in 4,2 en is dêrmei ien nei lêst krekt boppe Terneuzen.
"Ongeïntresseerd en weinig informatie" is de konklúzje fan it ûndersyk. Op de fraach ynformaasje te krijen oer hotels yn Ljouwert kaam it antwurd: Geen idee, ken ze niet, ben er nooit geweest. De VVV Ljouwert seit sels in soad oan klanttefredenheid te dwaan.