SC Hearrenfean moat punt helje
SC Hearrenfean moat mininaal ien punt meinimme út Berlyn, oars lizze se derút. De ploech fan trainer Jan de Jonge spilet tongersdei yn 'e Europa League tsjin Hertha BSC. De wedstriid wurdt spile yn it Olympiastadion, dêr't 74.000 besikers yn kinne. Der binne noch mar 7000 kaarten ferkocht.
De wedstriid begjint om njoggen oere. Omrop Fryslân radio en televyzje is der fan healwei njoggen ôf by. De ferslachjouwers binne Jan Vincent van Zuiden en Roelof de Vries.