Hast botsing mei plysje

22 okt 2009 - 09:43

In ynwenner (20) fan Sint Jânsgea is woansdei oppakt, omdat er gefaarlik oan it autoriden wie. Plysjes kamen de man tsjin doe't er hiel hurd troch in bocht ried. Dêrby kaam er op 'e linker kant fan 'e dyk telâne. De plysje-auto koene him noch mar krekt ûntwike. De plysje gie achter him oan en joech in stopteken. Dêr reagearre er net op.

Uteinlik waard de gefaarlike rider op de Haulstersingel yn Ousterhaule oanhâlden. Hy moast mei nei it plysjeburo en syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)