Fryske-Kazakken ferlieze

Arjan Stroetinga (foto: Martin de Jong)
De twa Frysk-Kazakske reedriders Arjan Stroetinga en Jorrit Bergsma binne by de nasjonale ôfstânskampioenskippen fan Kazachstan op de 1500 meter bûten de prizen fallen. De winst gie nei Dimitri Babenko mei 1.49,00. Bersgma klokte 1.52,30, Stroetinga ried 1.53,01.
Bergsma en Stroetinga hawwe sûnt in heal jier in Kazaksk paspoart. Se wolle besykje har te kwalifisearjen foar de Olympyske Spullen. Beide riders dogge tongersdei de 5 kilometer.