Leefbaar Harkema yn aksje

© Omrop Fryslân
De Harkema makket him soargen oer it sosjaal-kultureel klimaat yn it doarp. De tradisjonele eveneminten driigje te ferdwinen, sizze pleatslik belang en de Feriening Hannel en Yndustry. Om dat foar te kommen ha se de wurkgroep Leefbaar Harkema oprjochte.
De wurkgroep hâldt begjin novimber in diskusjebyienkomst oer hoe't it fierder moat. De jûn moat ideeën opsmite om it sosjale en kulturele libben wer ympulsen te jaan.