Ketelbrêge eefkes iepen

21 okt 2009 - 20:07
  • De Ketelbrêge giet sneon wer iepen

De Ketelbrêge yn de A6 by Emmeloard giet snein om kertier oer achten moarns iepen foar de skipfeart. Dit bart nei lang oerlis tusken ûnder oare it wettersportbûn en Rykswettersteat. Begjin dizze moanne fûn der in slim ûngelok plak op de Ketelbrêge. Trije auto's botsen op de brêge neidat dy samar iepen gie.

Freed sille ferskate wettersport- organisaasjes mei Rykswettersteat om tafel om mear dúdlikheid te krijen oer de gefolgen op lange termyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)