Assaidi yn basis tsjin Hertha

21 okt 2009 - 20:03

SC_Hearrenfean-spiler Oussama_Assaidi begjint tongersdei yn de basis yn de Europa_League-wedstriid tsjin Hertha BSC. De middenfjilder krijt de foarkar boppe Michal Svec. Grindheim, Elm en Losada binne de oare middenfjilders.

Foaryn besiket trainer Jan de Jonge it mei it spitsekoppel Papadopulos en Sibon. Paolo Henrique begjint op de bank. Hearrenfean wol minimaal in punt meinimme út Dútslân om goed útsjoch te hâlden op it heljen fan de folgjende ronde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)