Sykaksje nei siler stopset

21 okt 2009 - 17:23
  • It skip fan 'e fermiste siler leit yn 'e haven fan Hylpen (foto Jaring Rispens)

It KLPD hat de sykaksje op de Iselmar nei de fermiste siler út Ljouwert stopset. Der is twa dagen socht nei de man. Hy is moandei nei alle gedachten fan syn jacht ôf yn it wetter fallen.

Tiisdei en woansdei is sonarapparatuer brûkt en socht yn it gebiet dêr't de man foar it lêst sjoen is. Dy sykaksje smiet neat op en dêrom is oan de ein fan de middei besletten om de sykaksje stop te setten. It KLPD sil de kommende tiid wol ekstra surveillearje yn it gebiet dêr't de man ferdwûn is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)