Wurksumheden oan dyk

© Omrop Fryslân
Automobilisten moatte dizze wike rekken hâlde mei wurksumheden. Op trije plakken yn Fryslân is Rykswettersteat oan it wurk. Woansdeitenacht is ien rydhelte op de A7 tusken Drachten en It Hearrenfean ôfsletten. Fierder yn de wike wurdt der wurke oan it knooppunt Hearrenfean by Teridzert. Dêrby wurde ek noch in pear diken folsein ôfsletten. Fan freedtejûn oant sneontemoarn is de dyk tusken Marsum en Boksum ôfsletten.