Harns hat primeur enerzjybus

De enerzjybus kontrolearret de huzen
Yn Harns ried woansdei in enerzjybus om. Mei apparaten koe metten wurde hoe fochtich en sigerich de huzen yn de wyk It Reade Doarp binne. Yn 140 huzen wurde stekproeven naam. De wenningstichting kin der rekken mei hâlde by de renovaasjeplannen lykas wat isoleard wurde moat. It is net inkeld bedoeld om enerzjy te besparjen, mar ek om problemen mei skimmel en ûngedierte op te lossen.
It is foar it earst dat de enerzjybus yn Fryslân wie.