T'diel: goed om sinten tinke

© Omrop Fryslân
Tytsjerksteradiel moat de kommende jierren flink besunigje om yn de takomst finansjeel sûn te bliuwen. Foar dit jier is de begrutting posityf. De ferwachting is dat yn 2011 jierliks in heal miljoen minder binnen komt út it gemeentefûns. Dat rint op oant 2 miljoen yn 2014. Om tekoarten tsjin te gean soe de OZB-belesting mei 5 prosint ferhege wurde moatte. Ek wurdt skerp sjoen nei nije plannen.
Yn de eigen organisaasje wurdt sjoen nei it werombringen fan it syktefersom.