Wer relskoppers foar rjochter

Relskoppers moatte foar de rjochter komme
Yn novimber komme 46 supporters fan Cambuur foar de rjochter fanwegen de rellen nei de wedstriid tsjin Roda. De saak duorret trije dagen. Se wurde fertocht fan swiere mishanneling en iepentlike geweldpleging.
Nei de ferlerne promoasjewedstrijd tsjin Roda yn juny rûn it folslein út de hân. De fans uteren har frustaasje op de plysje. Goed 20 plysjes rekken ferwûne. Der binne 69 supporters oanhâlden. In tal dêrfan is al feroardield ta sel- en taakstraffen.