Taret op Meksikaanse gryp

Minsken moatte alle war dwaan om fersprieding fan it firus tsjin te gean
Sikehuzen, gemeenten en oare ynstânsjes riede har ta op in grutte útbraak fan de Meksikaanse gryp. Der wurdt achter de skermen drok wurke oan faksinaasjes, opfangkapasiteit en oare medyske help. It is net de fraach oft de pandemy yn Nederlân komt, mar wannear.
Yn it MCL kamen oant no ta hast 80 fertochte pasjinten binnen. Seis fan har hiene de Meksikaanse gryp. Dat falt ta en dêrom fine in soad minsken it ien grutte hype.