Needklok oer sluting A7

© Omrop Fryslân
Tolve âld-meiwurkers fan De Cirkel op It Hearrenfean stjoere in brânbrief nei de gemeente. Se wurkje no by it Sintrum foar de Keunsten A7 dat driget fallyt te gean. Woansdei besiket it sintrum fia de rjochter dochs noch genôch jild te krijen om troch te gean.
De âld-meiwurkers fan De Cirkel ha soargen oer har rjochtsposysje. De kâns is grut dat se gjin útkearing krije en fuortdalik yn de bystân bedarje. Mar neffens har kontrakt ha se in amtlike status by de gemeente.