Wer skiep slachte

21 okt 2009 - 10:53

Der is opnij in skiep stellen en slachte. Dat barde tusken De Westereen en Feanwâlden oan de Goddeleaze Singel. Ofrûne simmer barde dat ek al twa kear. De skiep binne fan Wimer Visbeek (19) fan De Westereen. Neffens him wie de kop fan it skiep ek dizze kear wer yn in pûde dien. De facht fan it bist lei yn de sleat.

Der wurdt oanjefte dien by de plysje. Visbeek oerwaget om in heger stek om de greide te setten. By de greide yn de buert wenje gjin minsken,

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)