Rust na Arbeid wint Strontrace

21 okt 2009 - 09:29
  • De earste skippen binne al werom yn in rekordtiid

De Strontrace is foar de fiifde kear op rige wûn troch it skip Rust na Arbeid. It skip is woansdeitemoarn om in oere as fiif weromkaam yn de haven fan Warkum. De Rust na Arbeid hat de tocht ôflein yn 37 oeren en 13 minuten en dat is in rekord.

Twad is de Swanneblom wurden mei skipper Age Veldboom en as tred is de Dankbaarheid binnenkaam. Troch de geunstige súdwestewyn koene de skippen de ôfstân Amsterdam - Warkum yn seis oeren ôflizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)