B&W Ljouwert hat te lang wurk

20 okt 2009 - 22:01
  • Boargemaster en Wethâlders binne te sleau mei it beantwurdzjen fan fragen

De Nieuwe Leeuwarder Partij fynt dat it kolleezje fan B en W fan de gemeente Ljouwert fierstente lang docht oer it beantwurdzjen fan fragen fan riedsleden.

Yn it reglemint fan oarder stiet dat it kolleezje fragen fan riedsleden binnen 30 dagen beantwurdzje moat, mar neffens de NLP rêde se dat lang net op. 42% fan de fragen moatte tusken de 30 en 60 dagen wachtsje op antwurd en yn 25% fan de gefallen duorret it noch langer as 60 dagen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)