Fermiste siler noch net fûn

20 okt 2009 - 20:59

De 68-jierrige Ljouwerter, dy't sûnt moandeitejûn fermist wurdt neidat er op de Iselmar fan syn syljacht oerboard slein wie, is noch hieltyd net fûn. Der is ek tiisdei de hiele dei nei de man socht, mar doe't it tsjuster waard, is de syktocht staakt.

De plysje hat mei sonarapparatuer oan it sykjen west en letter op de dei is der ek drêge, mar noch hieltyd sûnder resultaat. By deiljocht wurdt wer fierder socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)