Fryske priveekliniken ynoarder

© Omrop Fryslân
De fjouwer priveekliniken yn Fryslân skoare goed yn in rapport fan de ynspeksje foar de sûnenssoarch. Ut dit rapport docht bliken dat in soad kliniken pasjinten better ûndersykje moatte foardat se operearre wurde. Hast de helte fan de kliniken seit dat net te dwaan. By 'ûnsichtbere' sykten lykas hertproblemen kinne by in operaasje komplikaasjes ûntstean.
De Fryske kliniken binne bliid mei de kontrôle op de priveekliniken, mar it soe noch wol stranger kinne.