Swierferwûne by ûngemak Gordyk

20 okt 2009 - 13:25
  • It slachtoffer wurdt mei in traumahelikopter ôffierd (foto: Henk Stoelwinder)

By in swier ûngemak op De Gordyk is tiisdeitemoarn in 58-jierrige man swierferwûne rekke. De man stuts mei syn fyts op de krusing fan de Overtoom en 't Kiemke ûnferwachte de strjitte oer en waard oanriden troch in automobilist.

De man rekke ferwûne oan de holle en is mei in traumahelikopter oerbrocht nei in sikehûs. In kollega fan it slachtoffer dy't tsjûge wie fan it ûngefal, waard net goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)