Krapoan 2 ton foar Sutelaksje

20 okt 2009 - 10:37
  • De Sutelaksje heart ta it ferline

De totale opbringst fan de Sutelaksje stiet op 196.000 euro. De Sutelaksje is sneon neffens tradysje ôfsletten yn Drachten mei in grutte boekemerk. Dy brocht hast 6000 euro op. De nijste omnibus Fjildferhalen fan Rink van der Velde en Potstro Fongers fan Sietse de Vries wiene goedrinnende boeken.

Dit wie de alderlêste Sutelaksje fan Stichting It Fryske Boek. De Stichting giet fierder mei in oare opset om it Fryske boek te promoaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)