Man slein by strjitrôf

20 okt 2009 - 09:58

De plysje yn Ljouwert docht ûndersyk nei in strjitrôf op de Nijstêd. In 23-jierrige man út Ingelum ried sneintenacht op 'e fyts en waard troch in ûnbekende man oansprutsen.

Net folle letter stienen der seis manlju om de man hinne. Ien fan harren joech it slachtoffer in klap yn syn gesicht en pakte him de beurs ôf. Dêrnei rûnen de mannen hurd fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)