Tredde winst jong Hearrenfean

19 okt 2009 - 22:28

Jong Hearrenfean/Emmen hat de tredde oerwinning fan it seizoen helle. Yn de hjerstfakânsjewedstriid yn it Abe Lenstrastadion waard jong NEC mei 1-0 ferslein. De goed 11.000 taskôgers, meast bern, seagen net in geweldige wedstriid. Jong NEC krige yn de earste helte twa grutte kânsen, wylst de thúsklup in bûtenspulgoal makke.

Nei de 0-0 healwei makke Tarik Elyounoussi yn de 59e minút in gelokkich, mar wol winnend doelpunt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)