Akteurs op keatsles

© Omrop Fryslân
Akteurs fan Tryater en jeugdteaterskoalle 'n Meeuw stiene moandei net op de planken, mar yn in sportbroek op it keatsfjild. Se moatte sa gau mooglik it keatsen yn de macht krije foar it teaterstik De striid om de Sulveren Bal.
It stik is basearre op trije boeken: De jonge priiskeatser, De tsien fan Martens Afke en Schimmeld voor de koets fan Nynke fan Hichtum. Om't it stik foar in grut part oer keatsen giet, moatte alle akteurs op keatsles.