Fersoargers meie yn tún wenje

© Omrop Fryslân
It echtpear Huub en Els Barnhard op Skiermûntseach mei noch ien jier wenje op it terrein by it appartemint fan de âlden fan Huub Barnhard. De âlden fan 89 jier hawwe soarch nedich en dêrom wennet Barnhard junior mei syn frou yn de tún.
De gemeente woe dat lykwols net hawwe en lei sels in twangsom op oan de Barnhards om dêrwei te gean. Moandei hat der in petear west tusken de gemeente Skiermûntseach en de famylje Barnhard.