Ek krityk Crone op rampeplan

19 okt 2009 - 14:23

Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma stiet net allinnich yn syn soargen oer de gemeentlike rampeplannen. Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert makket him ek soargen en hat al aksje ûndernommen. De plannen foldogge noch net oan 'e easken en dat meldt Jorritsma ek oan de minister fan Ynlânske Saken.

Crone nimt op 1 jannewaris it stokje fan Jorritsma oer as foarsitter fan de feilichheidsregio Fryslân, mar eins is er al begûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)