Einjiers-útkearing foar minima

© Omrop Fryslân
Friezen dy't net mear fertsjinje as 120 prosint fan it minimumlean, moatte yn desimber in einjiers-útkearing krije fan 50 euro. Dat fine tsjerken, fakbûnen en maatskiplike organisaasjes dy't meiïnoar it platfoarm 'de Earme Kant fan Fryslân' foarmje.
Ferline jier stelde de steatssikretaris fan doe, Aboutaleb, dat bedrach út namme fan it Ryk beskikber, mar net alle gemeenten hawwe de 50 euro doe trochberekkene oan de minsken dy't dêr rjocht op hiene.