Fragen PvdA oer skea DSB

19 okt 2009 - 11:20

De PvdA yn de Steaten wol witte oft de provinsje ek skea oprint troch it fallisemint fan DSB Bank. Earder sei de provinsje al dat der gjin rekken wie by DSB. Freed waard wol bekend dat de bestjoersakademy Noard Nederlân 100.000 euro by DSB Bank hie.

De bestjoersakademy is in gearwurking fan de noardelike provinsjes en 68 gemeenten. De PvdA wol witte oft der mear sokke gefallen binne. Ek freget de partij oft dit bedrach ûnder de garânsjeregeling falt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)