Omseage beammen oer de dyk

19 okt 2009 - 09:27
  • De ôfseage beam oan de kant fan de dyk

De plysje yn Burgum siket tsjûgen dy't mear fertelle kinne oer twa beammen dy't snein omseage binne yn Burgum en Hurdegaryp. Plysjeminsken seagen sneintemiddei op de Langeleane by Burgum in beam oer de dyk hingjen.

Nei ûndersyk die bliken dat de beam omseage wie. Jûns krige de plysje in melding dat der in beam oer de dyk lei op de Simmerdyk tusken Hurdegaryp en Tytsjerk. Ek dy beam wie omseage. Yn beide gefallen wie der gefaar foar it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)